De Lawei draaide yn it seizoen 15/16 mei ferlies

Skouboarch De Lawei yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Skouboarch De Lawei yn Drachten hat tusken july 2015 en july 2016 mei ferlies draaid. Dat skriuwt de skouboarch yn harren jierferslach. It eksploitaasjeresultaat komt úteinlik út op in negatyf saldo fan 46.000 euro. Dizze reade sifers soene komme troch de hegere boukosten foar it ôfmeitsjen fan de ferbouwing. Ek de arbitraazjesaak mei boubedriuw Van Norel BV hat meispile. Dêrnjonken binne de bedriuwskosten heger as it seizoen dêrfoar. Dit komt troch hegere personielskosten, ekstra ôfskriuwingen en hegere enerzjykosten.
Dochs is der ek posityf nijs foar De Lawei. It tal besikers gie yn it seizoen 2015/2016 omheech, nei in totaal fan 67.929. Dit is dik tsientûzen besikers mear as it seizoen derfoar. De folsleine beskikberens fan it nije gebou hat benammen soarge foar de stiging yn it tal besikers. De opbringst fan de kaartferkeap kaam troch it hege besikerstal út op 186.000 euro.