Tal ûngelokken op it Waad nimt ôf

03 feb 2017 - 06:32
Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It tal ûngelokken op it Waad nimt ôf. It giet hjirby om de perioade fan 2009 oant 2015. By hast 70 prosint fan de ûngelokken giet it om rekraasjeskippen. Sy komme gauris fêst te lizzen, bygelyks op sânbanken. Dat stiet yn in risiko-analyze dy't útfierd is yn opdracht fan Rykswettersteat. Rykswettersteat wol it tal ûngelokken noch fierder werombringe en sjocht dêrby net allinnich nei hoe't in farrûte der hinne leit, mar ek nei it gedrach fan de skippers.

Trefwurden: 
Rykswettersteat It Waad
(Advertinsje)
(Advertinsje)