Sadeq mei bliuwe: Dit is it moaiste momint yn myn libben

"Die lach gaat niet meer van mijn gezicht. Dit is het beste moment van mijn leven." Miskien wol de bêste omskriuwing dy't de 19-jierrige Afgaanske Sadeq Asgharzadah út Drachten jaan kin oer hoe't er him fielt. Tongersdeitemiddei krigen Sadeq en syn famylje te hearren dat se nei acht jier striid yn Nederlân bliuwe meie.
Der is de ôfrûne tiid bot aksjefierd om derfoar te soargjen dat Sadeq hjir bliuwe mei. Foaral syn klassegenoaten fan it Drachtster Lyceum hawwe harren der bot foar ynset. De polityk hat him ek foar de famylje ynset.
Toskedokter
Sadeq is se tige tankber. "Ik wil ook zeker wat terugdoen. Op school wordt het zeker feestvieren. En ik wil wat meenemen voor mijn decaan en mijn leraren." Ek foar Nederlân wol de jonge wat weromdwaan. "Ik ga tandheelkunde studeren en word tandarts. Ik wil daarmee wat terugdoen voor Nederland. En dat is geen loze belofte."
Heit en mem gûle
De famylje krige it goede nijs fan it COA te hearren. Sadeq wie doe thús, op it AZC yn Drachten. Syn bruorke Ali wie fan skoalle ûnderweis nei hûs. Sadeq: "Ik zag mijn ouders huilend thuiskomen. Toen vertelden ze het nieuws. Het was het beste moment van mijn leven." En dat jildt ek foar Ali. "Ik wist niet goed wat ik moest. Het was huilen, schreeuwen, alles tegelijk. Ik ben echt heel blij."
Ferrieders
It doemsenario wie dat de famylje werom moast nei Afganistan. En dat hie echt net kind, sa fertelt Sadeq. "Dan was ons leven voorbij geweest. Je hebt daar te maken met de Taliban en IS. Die zien ons nu als verraders."
Laits yn myn hert
Gelokkich foar harren hoege se dêr no net mear oer nei te tinken. "Ik krijg de lach dan ook niet meer van mijn gezicht. Dat zal nog wel even zo blijven. En die lach, die zit ook voor altijd in ons hart."