Minister Kamp: Gjin grûndelgong Pinkegat, mar mjitflater

02 feb 2017 - 22:43

De opskuor oer de ûnferwachte grûndelgong tusken It Amelân en Skiermûntseach is troch minister Henk Kamp behoarlik delbêde. De grûn ûnder it Pinkegat is troch gaswinning mear sakke as ferwachte. De kommisje dy't derop tasjocht dat de NAM net te fier giet, joech oan dat soks gefolgen hawwe koe foar de gaswinning dêr. Doe't dêrnei út mjitgegevens bliken die dat it Waad sels dêr ek nochris fiif sintimeter sakke is, sloech de Waadferiening alarm.

Yn antwurd op Twadde Keamer fragen skriuwt Kamp no dat dat troch in mjitflater komt.

De boaiembewegings djipper yn de grûn bliuwe ek binnen de grinzen. En de natuer hat nearne lêst fan, seit Kamp.

De mjitflater liedt ta twivels by de Waadferiening oer de mjittingen troch de NAM. Dy seit dat der noch trije oare mjitmetoaden brûkt wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)