Fakânsjehúskes en hotelkeamers derby oan Iselmarkust

Oan de Iselmarkust wurdt de kommende tiid behoarlik ynvestearre yn toeristyske foarsjenningen, yn Starum en by Hylpen. Yn beide plakken wurdt no echt wurk makke fan besteande plannen. By Hylpen komme de plannen foar camping Schuilenburg yn de ynspraak. Dêr moatte 191 rekreaasjewenten komme, in swimbad en sintrumfoarsjenning en ekstra lisplakken.
Yn Starum wolle de inisjatyfnimmers ûnder oare in camping útwreidzje mei 35 ekstra steanplakken of sjalets, in minycamping meitsje by in pleats en in camper-/kampearterrein oanlizze.
Fierders wolle se it besteande strânpaviljoen de Potvis ferfange troch in nij gebou fan trije etaazjes heech mei tritich hotelkeamers of apparteminten. It Starumplan is ôfkomstich fan rekreaasjebedriuw SkipsMaritiem dat jachthavens, campings en mear hat. It plan wurdt ynkoarten behannele troch de riedskommisje fan de gemeente Súdwest-Fryslân.