LDODK ferlinget kontrakt mei haadcoach Erik Wolsink

02 feb 2017 - 20:56
Erik Wolsink - Foto: www.LDODK.nl

Kuorbalclub LDODK fan De Gordyk ferlinget it kontrakt mei haadcoach Erik Wolsink mei in jier. Sawol de klup as Wolsink sels sjogge dat it team hieltyd better wurdt. Dat komt mei troch de fersterking fan de seleksje, ôfrûne simmer. Dêrom wol Wolsink graach noch troch op De Gordyk.

Marjo de Haan bliuwt ek oan yn de trainingsstêf, Pieter Alberda hâldt nei dit seizoen op as trainer. Hy hat dan trije jier aktyf west by LDODK. De kuorballers stean op dit stuit twadde yn de kompetysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)