Algrawei dit wykein diels ôfsluten, ferkear moat omride

03 feb 2017 - 06:00

In part fan de Hendrik Algrawei ferdwynt dit wykein. Alteast, tydlik. In part fan de dyk wurdt derút helle foar de oanlis fan in fytstunnel. De ûndertrochgong moat Deinum, Boksum en Blessum mei Ljouwert ferbine. Nei't it stik dyk derút helle is, komme der betonplaten te lizzen. Dêrnei komt it asfalt werom. Letter dit jier wurdt de tunnel ôfmakke, mei ûnder oare in asfaltlaach.

Fanwege it wurk is de dyk fan freedtejûn oant en mei moandeitemoarn ticht. Ferkear rjochting Boalsert moat omride oer de A32 en de N384.

Opdrachtjouwer Vrij-Baan hopet dat it wurk earder as moandeitemoarn klear is. Der wurdt dei en nacht trochwurke en de waarfoarsizzing is geunstich, seit in wurdfierder. Der is gjin froast foarsein, en dat is goed nijs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)