Hieltyd wer de fout yn: twongen opname easke

02 feb 2017 - 19:36
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In 26-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean moat fan it Iepenbier Ministearje twa jier nei in ynrjochting om't er in seksspultsje stellen hie by in erotykwinkel yn Ljouwert. Hy wie ek yn it besit fan drugs. Hy hie speed en ghb by him. Dêrneist soe er syn húsbaas bedrige hawwe.

It is net de earste kear dat de man trappearre is op yllegale aktiviteiten. Hy hat in strafblêd fan achttjin pagina's. Der is faker besocht de man te helpen, mar dat mislearre alle kearen.

It Iepenbier Ministearje sjocht dêrom noch mar ien oplossing: in twongen opname yn in ynrjochting. De rjochtbank docht oer in wike útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)