Provinsje stekt miljoen euro yn kultuerlessen basisskoallen

02 feb 2017 - 19:16
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje Fryslân stekt de kommende jierren flink wat jild yn kultuerlessen yn it basisûnderwiis. It is de bedoeling dat kultuer in fêst ûnderdiel wurdt fan it lesprogramma. Bern moatte yn oanrekking komme mei bygelyks muzyk, dûns en keunst. Mar ek taal spilet in belangrike rol.

Neffens de provinsje wurdt besjoen wat de bêste manier is om kultueredukaasje in fêst plak te jaan op elke skoalle yn Fryslân. Mei-inoar wurdt der de kommende fjouwer jier in goed miljoen euro beskikber steld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)