Foar de fyfde kear trappearre op riden sûnder rydbewiis

02 feb 2017 - 19:05
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

In 32-jierrige Ljouwerter waard tongersdeitemiddei foar de fyfde kear trappearre op riden sûnder rydbewiis. De man waard snipt op de Canadezenlaan yn de stêd. Doe die ek bliken dat de auto dêr't er yn ried net fersekere wie. De bestjoerder krige in proses-ferbaal. Syn auto is ek yn beslach naam.

Trefwurden: 
rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)