Kontrakt Morten Thorsby by SC Hearrenfean ferlinge

02 feb 2017 - 17:41
SC Hearrenfean-spiler Morten Thorsby baalt nei de penalty (0-1) fan Ajax-spiler Arek Milik - Foto: ANP

Morten Thorsby bliuwt twa jier langer by SC Hearrenfean. De Noarske middenfjilder stiet no oant de simmer fan 2019 ûnder kontrakt by de Feansters.

Neffens Thorsby is Hearrenfean de goede  klup foar him om him fierder te ûntwikkeljen as fuotballer. Nei in petear mei technysk manager Gerry Hamstra en trainer Jurgen Streppel hat de 20-jierrige Thorsby besletten om syn kontrakt te ferlingjen. Hy spilet sûnt 2014 yn it Abe Lenstrastadion.

Thorsby bliuwt dan wol langer, SC Hearrenfean rekket ek in middenfjilder kwyt. Rewan Amin, dy't de hiele jeugdoplieding by Hearrenfean spile hat, giet nei in klup yn Sweden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)