Maritime Akademy biedt ekstra's oan foar gruttere baankânsen

02 feb 2017 - 17:27

In taal leare, sporte of helpe yn it fersoargingshûs. Mei dy ekstra aktiviteiten wolle learlingen fan de Maritime Akademy yn Harns de kânsen op in baan fergrutsje. Mei help fan skoalle stelle se eigen doelen op en besykje se sels in programma op te setten om dy doelen te berikken, allegearre yn eigen tiid.

De ekstra aktiviteiten binne ûnderdiel fan in ynternasjonaal programma dêr't skoallen út 140 lannen oan meidogge. De Maritime Akademy Harns is de earste skoalle yn Noard-Nederlân dy't soks docht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)