Provinsje te laks by REC

24 okt 2011 - 13:51
REC ôffaloven - Foto: Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma

De provinsje hie strenger optrede moatten om de miljeunoarmen by de ôffaloven yn Harns te hanthavenjen. Dat stelt de provinsjale kommisje foar beswier en berop. Neffens de kommisje hawwe Deputearre Steaten net goed reagearre op it te grutte tal steuringsoeren fan de REC. De gemeente Harns en de St. Afaloven Nee hiene dêr klachten oer yntsjinne by de beswierskriftekommisje. De gemeente Harns hat de provinsje frege om Omrin in twangsom op te lizzen.

Trefwurden: 
REC Harns miljeunoarmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)