FIDEO: Brêge Ryptsjerk wurdt sloopt foar in hegere brêge

02 feb 2017 - 15:59

Yn Ryptsjerk wurdt op 't stuit hurd wurke oan de sloop fan de âlde brêge oan de Binnendyk. Dy wurdt ferfongen foar in nij, 65 sintimeter heger eksimplaar. De bedoeling is dat der tenei mear elektryske boatsjes ûndertroch komme. It ferkear moat oant maaie omride. Foar fytsers en fuotgongers is der in needbrêge. In tal ynwenners fan Ryptsjerk hat besocht de ferheging fan de brêge by de rjochter te kearen, mar dat is net slagge.

Foar âld-molkboer Gjalt Bosma fan Ryptsjerk is it in deistich kuierke, even by de brêge del. Sels hat er der jierren wurke, doe't de brêge noch draaiber wie. Doe fearen de reidsnijers, boeren en frachtfarders noch troch it doarp. Bosma hat der net safolle fidúsje yn dat de nije, hege brêge wer in soad boatsjefarders lûke sil. Tongersdeitejûn yn Hea! mear oer de feroarings yn Ryptsjerk.

Trefwurden: 
Ryptsjerk brêge
(Advertinsje)
(Advertinsje)