Enerzjycoach helpt minima yn Ljouwert te besparjen

02 feb 2017 - 15:27
It ynregeljen fan de sintrale ferwaarming kin besparrings opsmite - Foto: ANP XTRA

De enerzjycoach dy't aktyf is yn de stêd Ljouwert hat in soad súkses. De coach giet op fersyk del by minsken mei in leech ynkommen om te sjen hoe't sy op de kosten fan enerzjy besparje kinne. Ut in earste proef docht bliken dat der in hiel soad winst te heljen is troch lytse yngrepen lykas it oanbringen fan strips tsjin de sigerij en it goed ynregeljen fan de ferwaarmingstsjettel.

De gemeente besjocht no oft de proef mei de enerzjycoach útwreide wurde kin.

Trefwurden: 
enerzjy Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)