Loftmacht oefenet mei echte bommen op Flylân

02 feb 2017 - 14:27
Foto: ANP

It oefenjen mei echte bommen op de Flyhors op Flylân hat oant no ta fiif klachten opsmiten. Dizze wike wurdt der traind mei 500-pûners by it eilân. Moandei en tiisdei koene de flechten net trochgean yn ferbân mei it waar. Om mooglike oerlêst goed yn de gaten te hâlden binne op ferskate plakken op it njonkenlizzende eilân Teksel mjitposten ynrjochte. Sa wurdt fuortendaliks dúdlik oft der tefolle oerlêst is.

De oefenflechten binne needsaaklik om de ynsetberheid fan de fleaners te fergrutsjen. In protte piloaten hawwe de ôfrûne jierren in soad op missy west nei it bûtenlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)