Troch fûgelgryp gjin frije-útrin-aaien mear

02 feb 2017 - 14:22

Hinneboeren dy't 'vrije uitloop' aaien ferhannelje, rinne finansjele skea op no't it predikaat 'frije útrin' derôf giet troch de ophokplicht. Sûnt de útbraak fan de fûgelgryp komme de hinnen net mear bûtendoar. Dat duorret no langer as tolve wiken. Europeesk sjoen foldogge de aaien dan net mear oan de easken om de status 'frije útrin' te krijen.

De aaien meie no allinnich noch ferkocht wurde as skarrelaaien en dat smyt minder jild op. Frije-útrin-aaien binne noch wol te keap. Der is noch foar likernôch twa wiken foarried.

Trefwurden: 
aaien Fûgelgryp frije útrin
(Advertinsje)
(Advertinsje)