Hokker brouwer makket it bêste bier fan it Noarden?

© ANP XTRA
Bierbrouwers út Fryslân, Grinslân en Drinte kinne meidwaan oan de striid om de titel 'bêste bier fan it Noarden'. It hoarekafakblêd Misset Horeca en in sjuery fan bierspesjalisten sille alle bieren beoardiele op it bierfestival yn Grins op sneon 22 april. Dyselde dei wurdt de winner bekend makke. It bier fan de brouwerijen dy't meidogge, moat diel útmeitsje fan it standertassortimint.
It makket net út oft it om in lytse brouwerij giet of om in grutte multynasjonal, as it bier mar levere wurdt yn de hoareka. Elke brouwer mei twa bieren ynstjoere. Dy wurde beoardiele op geur, smaak, ôfdronk en algemiene yndruk. De bieren dy't it bêste skoare, komme op de Noardlike Bierkaart.