Cambuur yn deselde opstelling

02 feb 2017 - 13:20

Cambuur spilet freed yn de thúswedstriid tsjin Helmond Sport yn deselde opstelling as ferline wike tsjin FC Dordrecht. Yn dy wedstriid spilen de Ljouwerters de earste helte hiel goed. Helmond Sport is in konkurrint fan Cambuur as it giet om in plakje by de earste fiif. De Helmonders hawwe ien punt ( 37) mear as Cambuur (36). Cambuur trainer Sipke Hulshoff fynt Helmond Sport in lestige tsjinstanner. "Sy binne fysyk sterk en in hecht team, dat werkenber fuotbal spilet", sa seit Hulshoff. Jurjan Mannes, oerkaam fan FC Emmen, sit by de seleksje.

Opstelling Cambuur: Zeinstra, Peersman, Schilder, El Baad, Van Deelen; Bakker, Monteiro, Lilipaly; Tissoudali, Barto, Hoefdraad.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)