Tal ynsidinten yn treinen Arriva nimt hieltyd mear ôf

02 feb 2017 - 13:11

Deputearre Johannes Kramer fynt dat it de goede kant útgiet mei it tal ynsidinten yn treinen en op perrons fan Arriva yn Fryslân. Ek sitte der oer it algemien genôch kondukteurs op de treinen. Kramer reagearret op de nijste sifers oer de spoaren en stasjons fan Arriva yn Fryslân ynklusyf de line nei Grins. Dêryn is te sjen dat it tal kreauwerijen en oare problemen de lêste trije jier werom rûn is fan goed 350 nei ûngefear 200.

Yn Fryslân giet it folle better as yn Grinslân dêr't it tal ynsidinten folle heger leit en dêr't de provinsje Arriva ferline wike oanspraaklik stelde, omdat der te min tafersjoch is. Mei Arriva is ôfpraat dat der op syn minst op ien fan de trije treinen in kondukteur sitte moat. 

Fryslân better

Neffens deputearre Johannes Kramer is dat yn Fryslân wol it gefal. ''By ien op de trije treinen is in kondukteur oanwêzich,'' sa seit Kramer. ''It tal ynsidinten is mei fjirtich prosint ôfnommen en we hawwe no ek pealtsjes op it stasjon. Arriva is op de goede wei yn Fryslân.'' 

(Advertinsje)
(Advertinsje)