Soargen by Littenseradiel oer plannen dyk Ljouwert-Snits

02 feb 2017 - 12:51

De gemeente Littenseradiel makket him soargen oer de mooglike plannen foar in nije dyk tusken Ljouwert en Snits. De gemeente hat dêrom in lilke brief stjoerd oan de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't just ûndersyk dwaan wol nei in alternative dyk tusken Snits en de Fryske haadstêd. Neffens Littenseradiel leit it grutste part fan it gebiet yn har gemeente en moat der ek tocht wurde oan in leefber plattelân.

De gemeente Littenseradiel fynt dat der better sjoen wurde kin nei it ferbetterjen fan de besteande diken as nei de oanlis fan in nije dyk, sa stiet yn de brief. Fan 1 jannewaris 2018 ôf sil de gemeente Littenseradiel weryndield wurde en komme de plakken ûnder oare gemeenten te fallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)