Wapene oerfal op winkel yn Wolvegea

02 feb 2017 - 12:02
Foto: De Vries Media

In winkel op de Hoofdstraat West yn Wolvegea is tongersdeitemoarn oerfallen. De dieder kaam tsjin 11 oere de winkel binnen en bedrige mei in wapen it personiel. Hy easke jild. Dêrnei is er útnaaid. Neffens de plysje hat de dieder in 'swalkers' utelik en is syn gesicht skeind. Hy hat mooglik in griene jas oan en is op de fyts ôfset. Op dit stuit wurdt troch de plysje ûndersyk dien nei de oerfal yn en rûnom de winkel.

Minsken dy't wat sjoen ha of in persoan sjogge dy't oan it sinjalemint foldocht, wurde frege 112 te beljen.

Trefwurden: 
Wolvegea oerfal
(Advertinsje)
(Advertinsje)