Nije tsiis presintearre yn it Fries Museum: De Fryske

Under de namme De Fryske is yn it Fries Museum yn Ljouwert in nije tsiis presintearre. De tsiis wurdt makke mei de molke fan boer Albrecht Finnema fan Warstiens dy't syn kij in grut part fan it jier yn it lân hat en ek soarch hat foar de greidefûgels. In selde konsept waard sawat in jier lyn presintearre troch tolve Fryske boeren yn de Súdwesthoeke dy't harren eigen molke, sûpe en yochert meitsje ûnder de namme Weideweelde.
Undernimmer Catharinus Wierda fan Aldemardum fersoarge dêr de promoasje fan. Dizze kear is hy betinker en eigener fan it hiele projekt. Deputearre Johannes Kramer spruts by de presintaasje syn stipe út.