Noch twa fertochten oanhâlden foar ôfparsing en stellerij

02 feb 2017 - 11:22
Foto: ANP

De plysje hat woansdei noch twa fertochten oanhâlden yn it ûndersyk nei ôfparsing nei kontakt fia datingsides foar homo's. It giet om twa manlju fan 38 en 45 jier út Ljouwert. Se wurde fertocht fan belutsenheid by ôfparsing en stellerij mei geweld. Ferline wike pakte de plysje hjirfoar al in 25-jierrige frou en in 28-jierrige man op, ek út Ljouwert. De plysje tinkt no alle fertochten yn byld te hawwen.

De ôfrûne dagen binne der noch twa nije oanjeften binnen kaam by de plysje. Dêrmei binne der no sân slachtoffers bekend. Neidat der fia de datingsides Bullchat of Grindr in ôfspraak makke wie, kamen der meardere manlju nei it ôfsprutsen adres. Dêr waarden de manlju oerfallen. Mooglik binne der noch mear minsken slachtoffer wurden fan de Ljouwerters. De plysje ropt har op har te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)