''Grize buert net populêr om yn te wenjen''

02 feb 2017 - 10:39
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ek al telt Fryslân hieltyd mear âlderen, hast net ien wol yn in grize buert wenje. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau ûnder de goed 1.300 leden fan Panel Fryslân. Under har is in buert mei in soad âlderen it minst populêr. Se fine it wichtich dat der minsken fan ferskate leeftiden yn de wyk wenje en dat der tichteby foarsjenningen binne.

De leden skatte it oandiel 65-plussers dûbeld sa heech yn as dat it is. Se miene dat dit oandiel fjirtich persint is, wylst it op it stuit tweintich persint is. Benammen de jongere panelleden sitte te heech mei har skatting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)