Kollum: "Undúdlikens"

02 feb 2017 - 10:28

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"Dit is it lûd fan twa bakstiennen. Dy ha ik fan ‘e wike ophelle by in boubedriuw. Ik ried der tweintich kilometer foar. Twa bakstiennen. Ik ha se nedich foar ien of oar dizich projekt.

Ik fûn se op in yndustryterrein, op in pallet mei hûnderten stiennen. Ik naam der twa ôf en rûn nei binnen. By de baly koe ik neat oars sizze as ‘Deze twee stenen, graag’. De meiwurker seach op, sette syn bril ôf, en werhelle “twee stenen? Neem maar mee, betalen doe je later maar als je er meer nodig hebt.”

“Nou, het blijft bij deze twee, het is voor een geluidsproject.” De man seach my oan en ik wit net sa goed wat er yn him omgong. Of hy fûn it prachtich, óf hy woe my sa gau as mooglik út syn winkel ha. Mar hy sei: nim se mar mei. Ik fielde my der wat ûndúdlik by.

Myn libben is soms hiel ûndúdlik. Ik kin faak net goed útlizze wêr’t ik oan wurkje en dat it earne goed foar is. It is it al, mar it is gewoan wat ûndúdlik.

Ik kom op dat wurd omdat in freon it lêst brûkte. “Myn libben wie wat ûndúdlik”, sei hy. Hy fertelde dat hy samenwenjen giet. Earst woe der it net, mar doe’t hy wat begûn te wennen oan it idee, fûn hy it wol ‘dúdlik’. Syn libben waard der wat dúdliker fan.

Duidelijk - te duiden. Ik begryp dat wol.

Dy freon makket fotostrips, wat ek wol echt wat is, mar dochs ek wol ûndúdlik. Syn namme is Ype, en dat klinkt Frysk, mar dat is er net. Hy is berne yn Berkel en Rodenrijs. Ek ûndúdlik. Hy moat it hiel faak útlizze. In soad minsken hâlde net fan ûndúdlikens.

Sa kin it komme dat politisy dy’t dúdlike taal útslaan populêr wurde kinne. Rutte beloofde ús tûzen euro: hy waard de grutste. Wilders belooft ús dat it jild útjûn wurdt oan de gewoane Nederlanner, Trump beloofde de Amerikanen om Amearika wer 'great' te meitsjen, en ferline wike beloofde Alexander Pechtold ús 500 euro. It is de helte fan Rutte, mar it is al dúdlik.

Oant it net mear sa dúdlik is fansels. Pechtold lei út dat dy 500 euro by de miljeufersmoargers weikomme moat. En sjoch, dan tinke we oan de grutte fabriken bygelyks. Mar dy meitsje guod dat wy wer keapje. Dus dy 500 euro binne we miskien ek gau wer kwyt oan dat guod, omdat it djoerder wurdt.

Mar dat is ûndúdlik, dus dêr komt Pechtold foarearst wol mei fuort. Krektlyk as oare politisy mei harren beloften fuort komme. Undúdlikens, dêr kin nimmen wat mei.

De keunst is miskien om oersichtlike doelen te hâlden. Ik meitsje no in kollum foar Omrop Fryslân. Ik ryd no nei Winsum. Ik bou no in garaazje. Ik sil samenwenjen. Dat is dúdlik.

Wy minsken hâlden fan dúdlikens, en dat begryp ik o sa goed. Hoe mear't ik neitink oer de ûndúdlikens fan myn libben, hoe nuverder de wrâld my foarkomt. It is hast in dronken gefoel: wannear je je hieltyd ôffreegje werom't je dingen oan it dwaan binne. Uteinlik kom ik der dan dochs op út dat oer in pear miljard jier de sinne stjert en dat der neat fan dizze ierdbol oerbliuwt. No, dêr sit ik dan, mei myn twa bakstiennen.

Dat ik tweintich kilometer riden ha om twa ûnnoazele stientsjes, en dêr noch wiis mei bin ek, no ja, ik tink dêr mar net tefolle oer nei. Ik ha se nedich, dat is dúdlik. En se klinke moai, fynst net?"

Trefwurden: 
Kollum Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)