Wurkje oan de nije Ofslútdyk: ek foar minsken mei beheining

02 feb 2017 - 07:57

Minsken mei in beheining krije de kâns mei te wurkjen oan de nije Ofslútdyk. Yn it bidbook fan de gemeente Súdwest-Fryslân stiet in rol omskreaun foar Pastiel, in organisaasje dy't 'm ynset foar it begelieden en ûntwikkeljen fan minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. De gemeente hie in oprop dien oan bedriuwen om har te melden om mei te wurkjen oan de Ofslútdyk. 190 bedriuwen ha hjir gehoar oan jûn. Pastiel is dêr ien fan.

Neffens wethâlder Maarten Offinga fan de gemeente Súdwest-Fryslân kinne minsken mei in 'beheining' tige weardefol wêze foar it projekt. Der is neffens him altyd passend wurk te finen. Hy priizget Patiel foar de wize werop se minsken mei in beheining in plak jouwe yn de maatskippij.

De oanbesteging foar al it wurk dan dien wurde moat oan de Ofslútdyk is ein ferline jier begûn en sil in jier duorje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)