Noch gjin stoarmrin foar Fryske oplieding Permakultuer

02 feb 2017 - 06:46

Der liket noch net in soad belangstelling te wêzen foar in Fryske oplieding Permakultuer lânbou. Woansdei wie de earste ynformaasjejûn oer de oplieding. Fiif belangstellenden kamer der op ôf. Mei in pear bunder grûn kinne je al in jierynkommen fertsjinje. Dit dogge je troch in produksjetún op permakultuerbasis op te setten. Sa'n tún betsjinnet foaral de lokale en regionale merk. De oplieding wurdt organisearre troch it Netwerk Duurzame Dorpen, de Permacultuurschool Nederland en Zelfoogsttuin Us Hôf yn Sibrandabuorren mei stipe fan de Rabobank.

De oplieding is foaral bedoeld foar boeren dy't de tún brûke kinne as twadde tak. Je moatte minimaal ien bunder grûn ynsette kinne. Boeren binne net altiten like maklik oer te heljen, seit inisjatyfnimmer Bregje Hamelynck fan Us Hôf. Takom wike tiisdei is der wer in ynformaasjejûn. Sy hopet dat der dan wat mear minsken komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)