'Dokkumerlân en Noardeast-Fryslân binne meast populêr'

01 feb 2017 - 22:20

Ynwenners fan Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel meie de nije namme fan de fúzjegemeente kieze. Sy dogge dat op 15 maart tagelyk mei de Twadde Keamerferkiezings. Ie- en Lauwerslân, Dokkumerlân en Noardeast-Fryslân, dat binne de trije opsjes. Nei alle gedachten sil it gean tusken Dokkumerlân en Noardeast-Fryslân, alteast as je ôfgean meie op in koart ûndersyk yn in supermerk yn Dokkum woansdeitejûn.

Bestjoerlike fúzje

Dokkumerlân wurdt benammen troch ynwenners fan de stêd Dokkum keazen. Noardeast-Fryslân beslacht it hele gebiet en soe dêrom in gaadlike namme wêze, sizze wer oaren. Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel sille mei yngong fan 1 jannewaris 2019 bestjoerlik fusearje. De kommisje Nammejouwing fan de gemeenten hat de trije opsjes útsocht út de 892 suggestjes dy't ynstjoerd binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)