ChristenUnie Achtkarspelen wol Digi-taalhuzen yn biblioteken

01 feb 2017 - 21:50
Foto: Google Streetview

De ChristenUnie yn Achtkarspelen wol ûndersykje litte oft beide biblioteken yn de gemeente in saneamd Digi-taalhûs krije kinne. Hjir kinne minsken mei in lêsachterstân harren kennis ferbetterje. Ek binne der lessen yn it omgean mei in kompjûter of tablet. De lessen moatte de dielnimmers út harren isolemint helje en de selsredsumheid ferbetterje.

Neffens de ChristenUnie hat sechtjin prosint fan de ynwenners fan Achtkarspelen te krijen mei (in foarm fan) analfabetisme. De partij tsjinnet dêrom meikoarten in oanfraach yn foar in helberheidsûndersyk nei de Digi-taalhuzen yn beide biblioteken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)