Tûzenen heipeallen foar nije N31 by Harns sitte yn 'e grûn

© Twitter @N31Harlingen
Alle heipeallen fan de N31 by Harns sitte yn de grûn. Woansdeitemiddei gong de lêste fan de yn totaal 9.200 heipeallen de grûn yn. Guon fan de gefaarten wienen 27 meter lang. Der stienen seis stellaazjes om de peallen de grûn yn te krijen. Op trije peallen steane alle nammen fan de besikers fan de Dei fan de Bou 2016.
De oannimmer lit witte dat it heiwurk dien is, mar dat dêrmei de oerlêst foar de ynwenners fan Harns noch net hielendal foarby is. No begjint de oanlis fan de nije dyk. As alles neffens planning ferrint, kin de nije dyk ein dit jier yn gebrûk naam wurde.