Wer hurdrider by Kollumerpomp, rydbewiis ynfoardere

Rydbewiis © ANP XTRA
Foar de twadde kear yn in pear dagen tiid is in hurdrider trappearre op de Kwelderwei by Kollumerpomp. Dit kear rekke in 48-jierrige automobilist út de gemeente Smellingerlân syn rydbewiis kwyt. Hy ried woansdei mei 142 kilometer yn de oere oer de Kwelderwei, wylst 80 dêr it maksimum is.
Sneintejûn wie it op itselde stik dyk ek al raak. Doe rekke in 40-jierrige ynwenner fan de gemeente Kollumerlân syn rydbewiis en syn auto kwyt. Hy ried doe 182 kilometer yn de oere, mear as 100 kilometer yn de oere te hurd.