Fisktrep oanlein by beekje yn Makkingea

01 feb 2017 - 20:02

In beekje by Makkingea is foar in part wer yn âlde eare wersteld en dat docht gelyk fertuten. Ta fernuvering fan boer Gerben Smeenk helle de leanwurker in skoftke lyn yn opdracht fan it Wetterskip net allinnich planteresten út it wetter, mar ek in bulte fisk. Yn it Kleindiep siet foarhinne eins gjin fisk troch stowen fan wol tachtich sintimeter heech. De beek hat no folle mear de romte krigen om te streamen en der is in fisktrep oanlein.

Dat smyt earder wat op as Smeenk eins tocht hie. De fisk dy't op it drûge bedarre, is foar in part wer werom yn it wetter kaam. De rest is, sjoen nei de spoaren, nei alle gedachten troch dassen opiten. It natuerliker meitsjen fan de beek makket diel út fan de gebietferbetterings rûn de oanlis fan de nije N381.

Trefwurden: 
Makkingea beekje
(Advertinsje)
(Advertinsje)