Drachtster húsdokter krijt warskôging fan Tuchtkolleezje

Húsdokter © ANP XTRA
In húsdokter yn Drachten hat in warskôging krigen fan it Regionaal Tuchtkolleezje foar de Sûnenssoarch yn Grins. De man hat in frou te let trochstjoerd nei it sikehûs, wylst se slim siik wie. Hy naam har klachten net serieus en seach net dat se útdrûge wie. De frou ferstoar yn maaie, koart nei de opname yn it sikehûs. Har man en soan hawwe de klachten tsjin de húsdokter yntsjinne. De frou waard goed in moanne foar har ferstjerren oanriden op 'e fyts. Se hie dêrtroch pine op it boarst en stapte nei de húsdokter.
Klachten waarden slimmer
Dy konstatearre in kniezing. Se krige medisinen, mar de klachten waarden slimmer. De frou luts meardere kearen oan de belle by de húsdokter, mar dy soe sein hawwe dat se har net se oanstelle moast en dat de klachten foar in part psychysk wiene. Dat lêste ûntkende de dokter en neffens it Tuchtkolleezje wie dêr ek te min bewiis foar.
De frou iet yntusken net mear en dronk noch mar in hiel lyts bytsje. Pas doe is se op oantrunen fan de famylje nei it sikehûs brocht. It Tuchtkolleezje nimt it de húsdokter benammen kwea ôf dat er net earder in goed ûndersyk ynsteld hat. Dan hie se nei alle gedachten earder nei it sikehûs brocht wurde kinnen.