Hat Ljouwert de moaiste winkelstrjitte fan Nederlân?

© Google Streetview
Twa strjitten yn Ljouwert steane op de nominaasje foar de ferkiezing 'Leukste winkelstraat van Nederland'. It giet om de Kleine Kerkstraat en de Nieuwe Oosterstraat. Dy earste wûn de titel al twa kear, yn 2010 en 2012.
Beide strjitten steane no noch op in 'longlist' fan 25 strjitten. Dêrop kin oant 20 febrewaris stimd wurde. De bêste 10 strjitten geane troch nei de finale. Op 10 maart om 10 oere wurdt de winner bekendmakke. De ferkiezing wurdt alle jierren organisearre troch NLstreets.