Teloarstelling by De Vries: ''Ineens lig ik plat voorover''

01 feb 2017 - 17:24
Foto: Neeke Wassenbergh

"Dit zachte rotijs." Reedrydster Elma de Vries fan De Haule is bot teloarsteld woansdei. Op goed tsien meter foar de finish fan de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee giet se ûnderút. Fuort is de winst. Se einiget as fjirde.

''Plat voorover''

Foar har fal rydt se noch foarop. "Ik zit perfect en ben duidelijk sneller. Dan is er ineens een gat dat ik raak en lig ik plat voorover", seit se tsjin de NOS. Dochs hie se noch hiel efkes de hoop op in oerwinning. "Ik zie die boog op me afkomen en dacht: ik glijd ver genoeg door. Maar het was tien meter te kort en dan rijden ze zo langs je heen."

De winst giet úteinlik nei Lisa van der Geest. Anne Tauber fan Oranjewâld waard twadde, foar Ankie IJtsma fan Ljouwert.

By de manlju gong de winst op de Weissensee nei Crispijn Ariëns fan Wolvegea. "Deze is veruit het mooiste, de mooiste van alles." Mar 21 riders hellen de finish by de manlju. De omstannichheden wienen swier.

''Wilde mijn naam op die beker''

"Ik ging op het goede moment en dacht: nu moet ik alles of niets. Ik moest aanvallen in de slotfase, want ik wilde mijn naam op die beker hebben. En dat is me gelukt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)