Selstraf foar sparpotstellerij yn Bûtenpost

01 feb 2017 - 17:01
Rjochter - Foto: Omrop Fryslân

In 42-jierrige frou út Bûtenpost hat in selstraf fan trije moannen ûnder betingst krigen. Se hat neffens de plysjerjochter meiholpen by de stellerij fan in sparpot. Dy stie by in 67-jierrige doarpsgenoat yn 'e hûs. De frou en it slachtoffer koenen inoar goed. De freon fan de frou hat de sparpot stellen. Dat die er neidat er de reservekaai fan it hûs krigen hie fan de frou.

Ek belle de frou foar de ynbraak noch nei de wenning fan it slachtoffer om te kontrolearjen oft er echt net thús wie. De man sparre alle jierren jild op foar in reumabehanneling yn it bûtenlân. Yn de sparpot siet op it momint fan de stellerij sa'n 950 euro.

Ekskuzen

De frou krige letter spyt fan de stellerij en joech alles ta. Se hat har ekskuzen oanbean oan it slachtoffer. De plysjerjochter hâlde der boppedat rekken mei dat de frou bot beynfloede waard troch har freon. Dy krige foar de ynbraak seis moannen selstraf. De fersekering hat it slachtoffer 500 euro útkeard. It restearjende bedrach moatte de fertochten sels werombetelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)