Gefaarlike krusingen yn Eaststellingwerf wurde oanpakt

01 feb 2017 - 16:35
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje en de gemeente Eaststellingwerf pakke de kommende jierren inkelde gefaarlike krusingen yn de N919 oan. De dyk tusken Easterwâlde en de ôfslach Weperpolder hat fiif punten dy't ûnfeilich binne. Faak giet it om krusingen dêr't it autoferkear de provinsjale dyk oerstekke moat. Foar twa fan dizze punten is al in oplossing betocht. Sa krijt de krusing by de Ploeggang in ovonde. By de Rijweg komt in rotonde. Foar de oare trije krúspunten moat noch in plan komme.

De gemeente en de provinsje organisearje meikoarten noch in ynrinjûn foar omwenners, ûndernimmers en oare belangstellenden. Yn totaal stelde de provinsje ferline jier 30 miljoen euro beskikber foar it feiliger meitsjen fan de diken. Dat barde mei nei oanlieding fan in ûndersyk fan de ANWB nei gefaarlike diken. Mei it jild moatte goed santich punten feiliger makke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)