FNP yn Dantumadiel: ''Bestjoerders wer gewoan e-mailadres''

01 feb 2017 - 16:19
It gemeentehûs fan de gemeente Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De boargemaster en de wethâlders fan Dantumadiel moatte wer gewoan in e-mailadres krije mei de namme fan de gemeente der yn. Dat fynt de FNP yn Dantumadiel. Op 1 jannewaris is Dantumadiel amtlik fusearre mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. De bestjoerders hawwe allegearre in nij e-mailadres krigen, dat einiget op '@ddfk.nl'. De FNP is it dêr nei mei iens, omdat Dantumadiel, oars as de oare trije gemeenten, net meidocht oan de bestjoerlike fúzje. De mail komt lokkich ek noch binnen op it âlde adres dat einiget op dantumadiel.eu.

De partij wol dat de gemeente syn werkenberheid weromkrijt. Dat soe net allinnich mei aparte e-mailadressen moatte, mar ek mei it ynternetadres dantumadiel.frl. De webside is no noch dantumadiel.eu.

Trefwurden: 
FNP Dantumadiel e-mailadres
(Advertinsje)
(Advertinsje)