Frou krijt wurkstraf foar billebitende hûn

01 feb 2017 - 15:46
Foto: Omrop Fryslân

In frou fan 34 jier út Seisbierrum is troch de rjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 30 oeren, omdat ien fan har hûnen in oare frou biten hie. Dat barde yn de binnenstêd fan Harns. Se ried op 6 oktober troch de Hoogstraat yn Harns, doe't har in auto yn de mjitte kaam. Op dat plak is de strjitte hiel smel, mar beide froulju wiene net fan doel om elkoar romte te jaan. De frou út Seisbierrum stapte út en rûn fuort mei har hûnen. Doe't de oare frou ek útstapte, rûn de sitewaasje út de hân. De oare frou waard yn it bil biten.

De frou út Seisbierrum moat net allinnich ferplichte oan it wurk, se moat ek in skeafergoeding fan 300 euro betelje.

Trefwurden: 
wurkstraf hûn rjochtbank
(Advertinsje)
(Advertinsje)