Sjonger Rinus is wiis mei syn sukses: "Hartstikke moai"

01 feb 2017 - 17:32

Rinus Dijkstra syn nije nûmer 'Doutzen' is in grutte hit op ynternet. De klip fan de Drachtster en syn freondinne Debora is al goed in miljoen kear besjoen op Facebook en Youtube. Hy is wiis mei it sukses "It is hartstikke moai. Karnaval stiet wer foar de doar, dus ik tocht dat der wer in nij ferske komme moast."

De ideeën foar de nûmers komme by Rinus wei, de teksten wurde troch in oar skreaun. Troch it sukses hat er al 15 optredens de kommende tiid. Dat oaren ek wol de gek mei him ha, makket Rinus him net drok oer. "Lachen is gezond."

Media-omtinken

Mei opsetsin hie Rinus de telefoan woansdei net meinommen nei it wurk om't der in soad omtinken is yn de media en tal dêrfan kontakt mei him sykje. Hy wurket as houtbewurker yn in sosjale wurkpleats yn Drachten en wurdt begelaat troch in team fan ûnder oare manager Dennis Franke.

Marlous

Yn 2009 brocht Rinus syn earste nûmer 'Hey Marlous' út en in pear jier letter waard er noch bekender mei it liet 'Met Romana op de Scooter'. Syn muzyk wurdt benammen draaid op piratestjoerders.

Hits

Op de Facebookside fan Omrop Fryslân is de fideo 350.000 kear besjoen. It smiet 8.000 likes op. Der is 16.000 kear op reagearre en it is 2.000 kear dield. Sjoen nei it oantal hits op ynternet is Rinus de bêst besjoene Fryske artyst op dit stuit.

Trefwurden: 
Rinus sjonger Doutzen
(Advertinsje)
(Advertinsje)