Achtbaan yn Duinen Zathe stiet der al, no de fergunning noch

01 feb 2017 - 14:45

Op koarte termyn moat noch in fergunning regele wurde foar de nije achtbaan fan attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea. Dy baan is al opboud, mar dat is dien sûnder boufergunning. Dy is offisjeel wol nedich. Neffens de ferantwurdlik wethâlder fan Eaststellingwerf hawwe de eigeners dêr yn har entûsjasme miskien net genôch oan tocht. De eigeners sizze dat de achtbaan wol yn it bestimmingsplan past. Sy tinke dat it gjin probleem hoecht te wêzen om in fergunning te krijen foar 14 april, as it park wer offisjeel iepen giet.

No't de baan al opboud is, kin tagelyk de nedige lûdsmjttings dien wurde. De 14 meter hege London City Roller moat de topattraksje wurde fan it fernijde Duinen Zathe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)