Drachtster sûnder rydbewiis foar sânde kear trappearre

01 feb 2017 - 14:28
Foto: ANP

In ynwenner fan Drachten is foar de sânde kear yn in jier tiid betrape op it riden sûnder rydbewiis. De 35-jierrige man waard troch de plysje ridend yn in auto sjoen yn syn wenplak. Doe't er de plysje yn 'e gaten krige, ried er in wenwyk yn en parkearde de auto op samar in oprit. De plysje hat de auto dêr yn beslach naam, it wie al foar de tredde kear dat der in auto yn beslach naam waard dêr't de man yn ried. De auto wie eigendom fan in frou, dy't wist dat de man net ride mocht.

Trefwurden: 
plysje Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)