Piet Paulusma: "Winterwaar komt werom"

Winterwaar © Janny Dijkstra
Waarman Piet Paulusma tinkt dat der in goede kâns is dat it winterwaar weromkomt. Syn ferwachting is dat foar in langere perioade in hegedrukgebiet boppe Skandinavië komt te lizzen. Dêrtroch komt nei it wykein in eastlike streaming op gong dy't foar de oanfier fan kâlde lucht út Noardwest-Ruslân soarget. Foar it earst kuollet West-Europa dan bot ôf, seit Paulusma. It gefolch is dat Fryslân yn it wykein fan 11 en 12 febrewaris en de dagen dêrnei echt te krijen hat mei winterwaar.