Plysje siket fertochten ynbraak pompstasjon Aldeberkeap

01 feb 2017 - 12:53
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat in fideo frijjûn fan in oerfal op in pompstasjon oan De Weeme yn Aldeberkeap en freget oft minsken de oerfallers kenne. De ynbraak wie 7 desimber 2016 om 04.15 oere hinne. Trije mannen forsearren de tagongsdoar en yn de kiosk fernielden se it alarmsysteem. It trio naaide út mei in soad smokersguod. It giet om trije blanke manlju. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Sinjalemint fan de dieders: blanke man mei in swarte jas mei wite banen, swarte cap, donkere sjaal foar de mûle en noas, wite moffen, wite sokken oer in donkere broek en sportskuon mei wite soallen, blanke man mei in griene jas mei kapusjon mei in blauwe binnenkant, swarte mûtse, donkere broek en swarte moffen, blanke man mei in swarte jas, swarte broek, swarte mûtse, sjaal foar it gesicht, swarte moffen en swarte Nike-sportskuon mei wite soallen. De bylden fan de oerfal.

(advertinsje)
(advertinsje)