Lidl Balk mei ek fan de steatsried net grutter

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De gemeente De Fryske Marren wegeret terjochte om mei te wurkjen oan in nije útwreiding fan de Lidl-supermerk oan de Wilhelminastrjitte yn Balk. Dat hat de Ried fan Steat woansdei sein. Lidl stapte dizze moanne nei de rjochter tsjin it bestimmingsplan Balk-Noard. It bedriuw wol de winkel yn de wyk mei 400 fjouwerkante meter útwreidzje, mar it bestimmingsplan stiet dat net ta. Twa jier lyn mocht de Lidl noch wol mei 2000 fjouwerkante meter útwreidzje. Neffens de gemeente smyt in noch gruttere winkel oerlêst op yn de wenwyk.
Boppedat hat Balk-Noard al trije grutte supermerken.