Skea omdat frije útrinaaien as skarrelaaien ferkocht wurde

Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea baalt as in stekker dat pikeboeren tenei har 'frije útrinaaien' ferkeapje moatte as 'skarrelaaien'. Boeren krije in stik minder foar skarrelaaien, mar as in hin tolve wiken net bûten west hat, mei in 'frije-útrin-aai' net mear sa hjitte. De boeren kinne hjir sels neat oan dwaan. Se wiene fanwege de fûgelgryp ferplichte om de hinnen binnendoar te hâlden en hawwe dêr no ek nochris finansjele skea fan.
Neffens saakkundigen skeelt dit in trochsneed pikeboer samar 20 prosint yn de opbringst. Foar in wat grutter bedriuw giet it dan samar om in pear tûzen euro yn 'e wike. De konsuminten sille dit ek fernimme. Der lizze no noch wol frije útrinaaien yn 'e winkels, mar dat oanbod sil yn de rin fan dizze moanne hieltyd lytser wurde.
Fûgelgryp
Huitema hat tiisdei oan lânboukommissaris Phil Hogan frege om sa gau mooglik mei in oplossing te kommen foar it probleem, mar Hogan kaam ta frustraasje fan Huitema net mei konkrete tasizzings. Huitema prate mei Hogan by in ekstra oerlis oer de fûgelgrypkwestje op fersyk fan guon lânbouspesjalisten yn it Europeesk Parlemint. Dat oerlis wie achter sletten doarren. Huitema warskôge al yn desimber foar it risiko fan de 12-wiketermyn yn parlemintêre fragen oan Hogan, mar dy hat dêr oant no ta noch gjin antwurd op jûn. Huitema fynt no dat Hogan him ferskûlet achter 'juridyske regeltsjes' en is teloarsteld yn de formele opstelling fan de Ierske lânboukommissaris.
Regels
Foar de sektor is it fan grut belang dat de regels gau oanpast wurde, fynt Huitema, want oars is it foar pikeboeren ek net mear oantreklik om te ynvestearjen yn it produsearjen fan frije útrinaaien. In dei letter docht bliken dat de Dútse dielsteat Baden-Württtenberg in kreative oplossing betocht hat foar de termyn fan 12 wike, wêrtroch de frije útrinaaien dêr net ôfwurdearre wurde nei 'skarrelaai'. Dat ropt yn de sektor en ek yn de polityk in soad fragen op. Lês mear yn ús Europablog.