Skutter Fennenplein by plysje bekend

It Fennenplein yn Ljouwert © Robert Jan Boonstra
De plysje Ljouwert tinkt te witten wa't de fertochte is fan de sjitpartij op it Fennenplein fan tiisdeitejûn. De man is noch hieltiid net fûn. De plysje hat dyselde jûn wol in 32-jierrige frou oanhâlden, nei't dy leden fan in arrestaasjeteam misledige hie.
It arrestaasjeteam die in ynfal yn de wenning fan de fertochte, mar dy waard net oantroffen. De man skeat op it Fennenplein yn de loft en naaide út. It plein waard ôfset foar ûndersyk. Der is neffens de plysje in huls fûn.