Oerlis oer ferkearssituaasje rotonde Lytsepost

De gemeente Achtkarspelen sil mei de provinsje en Veilig Verkeer Nederlân om tafel om te praten oer de ferkearssituaasje by de rotonde Lytsepost by Bûtenpost. Veilig Verkeer Nederlân sei earder dizze wike dat fytsers gefaar rinne by de rotonde. It fytspaad en in paralleldyk fan de provinsjale dyk N358 komme by de rotonde byinoar. Sadwaande treffe fytsende skoalbern en frachtweinen dy't fia dizze dyk nei it stoart ride elkoar. De gemeente seit de klachten serieus te nimmen en wol it probleem oanpakke.