Der kin stimd wurde op nije gemeentenamme

01 feb 2017 - 11:21

Ie- en Lauwerslân, Dokkumerlân en Noardeast-Fryslân. Ien fan dizze suggestjes wurdt de nije namme fan de trije fúzjegemeenten yn Noardeast-Fryslân. Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân sille mei yngong fan 1 jannewaris 2019 bestjoerlik fusearje. De kommisje nammejouwing fan de gemeenten hat de trije opsjes útsocht út de 892 suggestjes dy't ynstjoerd binne. Dêrby sieten 600 unike nammen. Ynwenners fan de trije gemeenten kinne op 15 maart, tagelyk mei de Twadde Keamerferkiezings, op in namme stimme.

De namme mei de measte stimmen wurdt dêrnei definityf keazen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)